It stik giet oer Frederik en Isabel, dy’t rûzje oer it houlik. Op perron 12 smyt Isabel de ring oer de reling nei perron 13 en ferdwynt dan. In dakleaze persoan kin de ring dêr fûn hawwe.
Under de brêge wenje “Alde Arie en Bline Ronny”, Rita en Vanessa, twa ûnbetroubere bidlers, en de swier swangere Suzy. Der bart in soad op dit perron dêrnei. En de fraach is, sil it ea goed komme tusken Frederik en Isabel?
It stik wurdt fjouwer kear opfierd: op 24 jannewaris om 20.00 oere en 25 jannewaris om 15.00 oere yn it Mienskipshûs De Bazuin yn De Trieme; op 30 jannewaris om 20.00 oere yn De Nije Warf yn Wâlterswâld; en op 31 jannewaris om 20.00 oere yn De Trije Doarpen yn Kollumersweach.
Der is gjin foarferkeap fan kaarten; kaarten binne oan ‘e doar te krijen. Skreaun troch Pol Anrys. Fryske oersetting troch Gurbe Dijkstra




