Wolkom by Noflik Tegearre
Dit jier spylje wy it stik:
In kring fan in ring
Skreun troch Pol Anrys
Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra
Frederik en Isabel ha, op it lêste perron fan it stasjon, perron 12, rûzje oer de brulloft. Lilk, omdat se har sin net krijt, smyt se de djoere ferlovingsring oer de reling, dy komt telâne op in leger lizzend part fan it stasjon, yn de folksmûle perron 13. De ring wurdt daliks al fûn troch in swalker. As Frederik op perron 13 oankomt om de ring te sykjen, is dy al poater. Wylst er om de ring siket leart hy de minsken, swalkers en bidlers, dy't op it terrein tahâlde, better kennen. De âlde Arie, de bline Ronny, swalkers, en Rita en Vanessa, twa ûnbetroubere bidlers, dy wenje allegear ûnder de brêge fan perron 12. Fierder is der noch de heechswangere Suzy. De grutte fraach is: wa hat de ring fûn en foaral: wa hat de ring no? En komt it noch goed tusken Isabel en Frederik?
Contact
Noflik Tegearre
Raadsherenlân 1
9298 VL Kollumerzwaag
06-54760102
